"Alle minsken binn' myn bruorren"
Yn de tún fan it wenkompleks Coopersburg yn Akkrum stiet it mausoleum, dêr’t de stichter fan Coopersburg, Folkert Kuipers alias Frank Cooper, en syn frou Antoinetta de Graaf opbiere lizze. It is om mear as ien reden in bysûnder gebou.
Troch: Anne Dykstra
Op de beide sydmuorren fan it mausoleum fine we twa teksten. Ien dêrfan sitearret út de taspraak dy’t Cooper holden hat by de iepening fan Coopersburg. Dêr stiet te lêzen:
In naam der humaniteit
Alle minsken binn' myn broerren
De Fryske rigel wurdt no stavere as: ‘Alle minsken binn' myn bruorren’. It liket wierskynlik, dat Cooper dizze rigel by Joast Halbertsma (1789-1869) wei hat. Joast wie ien fan de ferneamde Grouster bruorren Halbertsma, dy’t de ferhale- en dichtbondel Rimen en teltsjes skreaun hawwe. Ien fan dy teksten yn de Rimen en teltsjes is it troch Joast Halbertsma skreaune gedicht ‘Fryslân’, nei alle gedachten bedoeld as Frysk folksliet. Uteinlik is ‘De âlde Friezen’, fan Joast syn broer Eeltsje, it offisjele Frysk folksliet wurden.
Cooper hat it gedicht ‘Fryslân’ grif wol kinnen. Hy wie tige Frysksinnich, wat ûnder oare bliken docht út it feit dat er lid wie fan it betinkingskomitee ‘Dr. Eeltsje Halbertsma’. Yn 1904 wie er oanwêzich by it ûntbleatsjen fan it boarstbyld fan Eeltsje yn Grou. Yn datselde jier is er yn Amearika ferstoarn.
It gedicht ‘Fryslân’ begjint mei deselde tekst as dy’t op it mausoleum stiet: ‘Alle minsken binn' myn bruorren’. At Cooper yndie ynspirearre is troch Joast Halbertsma, dan hat er in tekst keazen, dy’t ek fierder hiel goed by him past. De earste beide rigels soene oer him gean kinne:
Alle minsken binn' myn bruorren,
En de hiele wrâld myn thús;
Cooper wie ommers immen dy’t goed dwaan woe, immen dy’t each foar syn meiminsken hie. De earme âlde minsken út Akkrum en omkriten dy’t fergees yn Coopersburg wenje mochten, kinne dêrfan meiprate. En hy wie yndied yn de ‘hiele wrâld’ thús. Foar him wie de wrâld al gau gâns grutter as Akkrum en Fryslân.
De tekst giet fierder:
Mar it bloed yn Fryske ieren
Krûpt nei Fries en Fryslân ta,
Krûpt nei Fries en Fryslân ta.
Ek dy rigels typearje Cooper. Doe’t er dat koe, kaam er alle jierren werom nei Fryslân. As man fan de wrâld koe er him tige rêde yn Amearika, mar hy bleau Fries en Frysk. Syn woartels hat er nea fergetten. Oarsom hat Akkrum Cooper ek nea fergetten. Op 9, 10, 16 en 17 juny 2018 sil dat noch wer ris bliken dwaan. Op It Heechein ferriist dan de ‘department store’ fan Cooper út it New York fan 1900. It wurdt in grut spektakel, dêr’t elke Akkrumer en Nesker oan meidwaan kin.
Foto fan Mausoleum, komt fan Paul Hettinga